Besprek Serenade op Omrop Fryslân door Arjan Hut, juli 2007

Helden op ‘e wein

Skarl wie yn maaie de muzikale ferrassing op de Friezegearkomste by de Upstalbeam. Dat wie in goede gelegenheid om de nije cd ‘Serenade’ bûten de grinzen foar te stellen. Want wa’t ûnberoaid in Skarl-album heart, en gjin aan hat fan Frysk, sil de muzyk grif earne oars as Workum (it oarspronklike honk fan de band) thústinke.

It suden fan ‘e Feriene Steaten, op in gleonloaie dei, op it krúspunt fan in kermis en in begraffenis, earder as Workum. Of op in karre oer de rotsige paden fan tsjuster Europa. Mar sa bekend bin ik net mei Workum.

De ritmes dy’t fan play ôf ynsetten wurde, hingje as lead oan ‘e hertslach en twinge ta sitte en in sigaret. Live, útsoarte de bêste omjouwing om in band te beoardieljen, hat Skarl mear feart, dat is wat my opfalt oan de cd’s dy’t ik fan se heart ha. Krekt as op Skilderij (2004), de foarige plaat, wrinzget en sleept de saak as in balstjurrich hynder oan ‘e laaie fan in dochs tige berette ruter. Yn kombinaasje mei ynstruminten as de draailier, traapoargel, mandoline en de blazers dy’t hjir en dêr in wyn opsette, komt in ûnwurklik, kabaretesk klankskip ta stân, mei bytiden briljante ferskes as Ik ha dy sear dien fier oan ‘e mêsten.

Mear as noch as op Skilderij is it Pieter Kurpershoek dy’t foar de harker it paad ûnder de karre wei wrakselt. Foarhinne song Sjoerd Kramer noch ris in nûmer, Peter Kamping hat syn plak yn de band oernommen. Kurpershoek kin de taak fan frontman skoan oan. Dan wer fertellend (Lytse Riemer), mei in soad bas en grús, dan wer hoeden sjongend (Helga), mei in driigjende ûnderstream. En út en troch glidet er yn in hearlike, ienfâldige melody ûnder syn wurden. It titelnummer Serenade bygelyks. De fertelling fan in muzikale famyljeskiednis hat wat fan it gammele oefenjen fan in brassband, it poetsen fan it koper, de gong nei it doarpshûs. En dan begjint it spyljen:

In spesjaal fersykje, foar ús helden op ‘e wein

De “Serenade yn ‘e rein

Jou se in applaus, ús helden op ‘e wein

De serenade yn ‘e rein

In earswjirm fan ‘e sûnste soarte. Om te núnderjen ûnder it kuierjen, en slimmer noch is it by Ik ha dy sear dien, mei in tige rake tekst fanút it perspektyf fan in obsessive eks-minnaar, gjin blaas mear en it hert op ‘e tonge. Dêr rollet dan wer in sa’n ûnfoech masterlik refrein út, as lei de melody al in libben lang yn ‘e earen te wachtsjen:

Ik ha dy sear dien en dat is net sa moai

By de Upstalbeam gienen se plat. Op Freeze ek. Yn ‘e lêsseal fan Tresoar ek, krekt as by de útrikking fan de Gouden Lykdoarns. Dat Skarl sa stadichoan noch net folle ferneamder is, fernuveret my somtiden.

It grutte goud is dan ek net wat dizze manlju, Kurpershoek, Kamping en Phillipus Feenstra makket de plaat folslein, oanfjurret. De muzyk komt út it hert, en fansels ek wolris út minder nommele lichemsdielen. Kearn is: Skarl boud oan in wrâld út muzyk en dy muzyk klinkt nergens as in glêd reklamefilmke. Of wol? Feenstra skreau trije fan ‘e nûmers op ‘Serenade’. De meast opfallende is Natuur. In bittere oade oan in fakânsjepark dat weiharket as in folderke.

Links van mij liggen de zwanencottages en in de verte zie ik de kikkerhuisjes.

Daarachter ligt het meer waar je doormiddel van waterfietsen of kano één kan worden met de natuur (...)

(...) Tot rust kom ik echter niet.

Kensto dat gefoel? Skarl makket der serenaden fan.